LIVEBLOG: Fryslân stimt foar Provinsjale Steaten en wetterskip

20 mrt 2019 - 16:00

Fryslân kiest. Hjoed binne de ferkiezingen foar de Provinsjale Steaten en foar it wetterskip. Alle stimlokalen binne iepen fan 7.30 oant 21.00 oere. Omrop Fryslân is der de hiele dei by. En ek dêrnei, as de útslaggen bekend wurde! Folgje it yn ús liveblog.

19:02

Oant safier dit liveblog oer de ferkiezingen. Tank foar it folgjen.

Om 21.00 oere begjinne we in nij livebblog oer de ferkiezigen en fansels de útslaggen.

Alles oer de útslaggen is fansels te folgjen op Omrop Fryslân radio, fan 20.00 oere ôf.

Om 22.00 oere is it programma op telefyzje te sjen.

17:10
Brok: "It is in leuke dei"

Kommissaris fan de Kening Arno Brok en dykgraaf Paul van Erkelens reizgje dizze dei alle Fryske gemeenten del om in stimburo te besykjen. Se binne op Flylân begûn en einigje yn Ljouwert.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

16:52
Opkomst om 16.00 oere: 31 prosint

Om 16.00 oere lei de opkomst foar de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten en it wetterskip yn Fryslân op 31 prosint. De heechste opkomst wie op Skiermûntseach mei 41 prosint en yn Ljouwert it minst mei 22 prosint.

(advertinsje)
(advertinsje)