Grinzer besiket plysjeman te wurgjen yn Ljouwert

In 29-jierrige Grinzer is tiisdeitejûn yn Ljouwert oanhâlden nei't hy besocht hie in plysjeman te wurgjen. De plysje waard oproppen om't de man in ynstelling oan de Oostergoweg net ferlitte woe.
Oanhâlding © Shutterstock.com
Doe't de plysje de man oanspruts, gie hy fuortendaliks yn de oanfal. Hy mishannele ien fan de plysjes en besocht him te wurgjen. De plysjes moasten geweld brûke, om de man ûnder kontrôle te krijen.
De Grinzer sit fêst. De plysjeman dy't troch him oanfallen waard, hat oanjefte dien.