Teäter fan Frjentsjer giet de provinsje yn om amateurs te sykjen

19 mrt 2019 - 22:54

De Koornbeurs yn Frjentsjer siket minsken mei kreative ideeën om foarstellingen mei te meitsjen foar yn it teäter. Dat kin fan alles wêze: fan toaniel oant musical, neat wurdt útsletten. Sy krije dêr help by fan it teäter.

Foto: Google Streetview

Om dy minsken te treffen binne meiwurkers fan it teäter moandei yn Frjentsjer begûn mei spesjale gearkomsten foar belangstellenden. Tiiisdeitejûn wie it yn Ons Huis yn Sint-Anne, en nije wike woansdei binne se yn de biblioteek yn Dronryp. It tal minsken dat der oant no ta op ôfkaam is, foel wat ôf.

De Koornbeurs wol dêrmei berikke dat op dagen dat der gjin profesjonele foarstellingen opfierd wurde, amateurs gebrûk meitsje fan it teäter. Njonken de profesjonele poadiumkeunsten binne der folle mear minsken dy't wat dwaan kinne yn de kultuer, seit Hetty de Wit fan De Koornbeurs. Se sil meikoarten ek kontakt sykje mei ferieningen, bygelyks fanfares. Mar ienlingen of lytse groepkes binne ek tige wolkom. Fan it teäter krije se profesjonele begelieding by de opfieringen yn De Koornbeurs.

Hetty de Wit fertelt wat se krekt siket

(advertinsje)