UNIS Flyers nimt it yn finale BeNe-League op tsjin HYC Herentals

19 mrt 2019 - 22:46

De UNIS Flyers wit wa't de tsjinstanner wurdt yn de finale fan de BeNe-League: HYC Herentals út België. De ploech út Herentals wie tiisdeitejûn yn de beslissende heale-finale-wedstriid tsjin Microz Eaters Limburg út Geleen mei 6-4 te sterk.

De Flyers yn in eardere wedstriid tsjin Herentals - Foto: Henk Jan Dijks

De iishockeyers fan de Flyers spilen dit seizoen twa kear earder tsjin de Belgyske ploech. Yn febrewaris waard it yn Thialf nei ferlinging 4-3 foar de iishockeyers fan It Hearrenfean. In pear dagen letter wie yn Herentals op 'e nij in ferlinging nedich om de beslissing te bringen. Ek doe wie de Fryske ploech úteinlik it sterkst: 5-4. De Flyers en Herentals einige yn de reguliere kompetysje op respektyflik it earste en it twadde plak.

De earste finalewedstriid yn de BeNe-League is de Wedstriid fan de Wike by Omrop Fryslân. De Omrop stjoert it duel freedtejûn live út fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)