Aris yn eigen hûs kânsleas ûnderút tsjin direkte konkurrint Den Helder

De basketballers fan Aris Ljouwert hawwe tiisdeitejûn yn sporthal It Kealledykje ferlern fan de Den Helder Suns. De direkte konkurrint fan de Ljouwerters wie mei 93-62 te sterk. Alex Laurent en Steve Harris wiene mei respektyflik 27 en 19 punten de wichtichste mannen oan de kant fan de besikers. Darian Anderson makke 28 punten foar Aris.
Argyffoto © Omrop Fryslân, Eric Ennema
Yn it earste part fan it earste kwart gie it lykop, mar de ploech út Den Helder kaam al gau better yn de wedstriid as de ploech fan coach Tony Van den Bosch. Dat resultearre nei ôfrin fan it earste kwart yn in 14-19 foarsprong foar de besikers. Ek yn it twadde kwart koene de Ljouwerters it tempo fan de Suns net byhâlde en dus waard it gat by it skoft noch grutter: 26-37.

Nei it skoft

De donderpreek fan Van den Bosch yn de klaaikeamer fan Aris hie gjin effekt op it spul fan de Ljouwerters yn de twadde helte. De Noard-Hollanners wiene noch hieltyd in maatsje te grut foar Aris en koe dêrtroch yn it tredde kwart útrinne ta 42-60. Yn it fjirde en lêste kwart wie it ferset fan Aris hielendal brutsen. It waard úteinlik 62-93.

Play-offs

Troch de nederlaach stiet Aris mei fjirtjin punten op it sânde plak yn de Dutch Basketball League. De Fryske ploech hat no fjouwer punten minder as nûmer seis Den Helder en twa punten mear as nûmer acht Apollo Amsterdam en nûmer njoggen Feyenoord Rotterdam. In plak by de earste acht jout rjocht op in startbewiis foar de play-offs om it lânskampioenskip.
Sneontejûn stiet foar Aris Ljouwert yn Martiniplaza de drege útwedstriid tsjin lânskampioen Donar Grins op it programma.