Froulju fan SC Hearrenfean op 'e nij fierstente sterk foar Achilles '29

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe tiisdeitejûn op sportpark De Heikant wûn fan Achilles '29. Yn Groesbeek einige de wedstriid yn de ferliezerspûl fan de earedifyzjefroulju yn 6-2. Ofrûne freed wûn de Fryske ploech op sportpark Skoatterwâld ek al mei grutte sifers: 6-0.
Argyffoto mei Tiny Hoekstra en Fenna Kalma © www.orange-pictures.nl
De froulju fan It Hearrenfean kamen nei trije minuten spyljen earst op efterstân troch in doelpunt fan Sophie Cobussen. Dat duorre lykwols net lang, want nei in lyts tweintich minuten makke kluptop-skoarder Tiny Hoekstra alwer gelyk. De goal fan Hoekstra wie in befrijing foar de Fryske froulju. Noch foar it skoft waard de oerwinning al feilich steld troch treffers fan opnij Hoekstra, Fenna Kalma en Wiëlle Douma: 1-4.

Hattrick Hoekstra

De twadde helte kaam dreech op gong yn Groesbeek, mar yn de 67e minút wie it op 'e nij Hoekstra dy't keepster Annerens Tijm passearre en dêrmei har hattrick kompleet makke. De thúsploech die twa minuten letter fia Cobussen al wer wat werom: 2-5. Yn de blessueretiid waard it troch in goal fan Suzanne Admiraal úteinlik noch 2-6 foar de Fryske ploech.

Ferliezerspûl

Troch de oerwinning stiet SC Hearrenfean no mei tweintich punten op it earste plak yn de ferliezerspûl fan de earedifyzjefroulju. Direkte konkurrint VV Alkmaar kaam op besite by Excelsior Barendrecht net fierder as in lykspul en hat no sechstjin punten.
Freedtejûn stiet foar SC Hearrenfean op sportpark Skoatterwâld de thúswedstriid tsjin de nûmer twa fan de ferliezerspûl, VV Alkmaar, op it programma.