Doarpen, kultuer en wetterpeil feangreidegebieten smite measte reaksjes op

19 mrt 2019 - 21:09

It listlûkersdebat foar de Steateferkiezingen smiet tiisdei betiden in animearre diskusje op. It debat waard fierd oan de hân fan in fjouwertal stellingen mei as tema ekonomy, lânbou, kultuer en wenjen. De listlûkers fan fjirtjin fan de sechstjin partijen wiene oanwêzich yn it Provinsjehûs yn Ljouwert. Allinnich Forum voor Democratie en DENK wiene net op de útnûging yngien.

Foto: Omrop Fryslân, Nynke de Haan

Benammen op de lêste stelling dy't oer wenjen giet, waard in soad reagearre. De fraach is oft de provinsje of de gemeenten it foech hawwe moatte, of dat de doarpen dêr in gruttere stim yn krije moatte. Fieders rôpen de stellingen oer it wetterpeil yn feangreidegebieten en oer kultuer ek in soad reaksjes op.

Simone Scheffer en Eric Ennema peilden de stimming nei it debat

(advertinsje)
(advertinsje)