Provinsje wol proef tusken Wynjewâld en Drinte om te foarkommen dat wyld oanriden wurdt

19 mrt 2019 - 19:37

Alle jierren wurde yn Fryslân hûnderten stiks wyld oanriden yn it ferkear. Dat docht bliken út ûndersyk fan de provinsje op fersyk fan de Partij voor de Dieren. De provinsje wol dêrom in proef dwaan tusken Wynjewâld en Drinte om wyld en auto's better faninoar te skieden.

De problemen binne it grutst yn Súdeast-Fryslân. Dêr komt wol gauris in ree of hert foar de auto, sa docht bliken út sifers fan de provinsje. Yn de earste helte fan 2018 wiene der op de N381 yn Súdeast-Fryslân santjin oanridingen mei in ree of hert. Yn hiel Fryslân wiene dat yn deselde perioade mar leafst 288. It giet om sifers mei in slach om de earm, want der is gjin sletten registraasjesysteem foar ûngelokken mei wyld.

Deputearre Sietske Poepjes fynt it probleem grut genôch om mei oan de slach te gean. "It is fansels skande foar it wyld, mar it is ek skande foar de ferkearsfeiligens. Der kinne rare dingen barre, as minsken ynienen in ree of hart foar de auto krije."

Rasters

De provinsje wol no yn Súdeast-Fryslân in pear proeven útfiere om út te sykjen hokfoar metoade it bêste wurket. Der wurdt tocht oan rasters, dy't herten en reeën ferwize nei in feiliger oerstekplak en ek oan in systeem dat it wyld warskôget foar it autoferkear. "It is hjir gjin Veluwe, we moatte útsykje watfoar systeem hjir it bêste wurket."

Foar de proeven is in ynvestearring nedich fan trije oant fjouwer ton. It is oan de nije Provinsjale Steaten om dêr in beslút oer te nimmen. Yn de tuskentiid wol de provinsje de registraasje fan oanridingen mei wyld ferbetterje.

Deputearre Sietske Poepjes oer oanriden wyld

Trefwurden: 
N381 hert wyld oanride ree
(advertinsje)
(advertinsje)