Oerienkomst tekene foar 'Fryslân 2025 meast sirkulêre Europeeske regio'

19 mrt 2019 - 19:17

De Fryske oerheden hawwe tiisdei op de bedriuwekontaktdagen yn Ljouwert in ambysjedokumint oer sirkulêre ekonomy ûndertekene. Ynset is dat Fryslân yn 2025 de meast sirkulêre regio fan Europa wurdt.

De oerheden sizze yn it dokumint ta dat se gjin ferfiersmiddels mear ynkeapje sille dy't op fossile brânstof ride. Fierders wolle se mei yngong fan 2020 fan alle produkten dy't se brûke, fan kantoarmeubilêr oant bygelyks damwanden, minimaal 10 persint sirkulêr ynkeapje. Ek moat alle strjitmeubilêr yn de provinsje werbrûkber wêze. De belutsen oerheden keapje alle jierren foar sa'n oardel miljard euro oan produkten en ferfiermiddels yn.

De oerienkomst is ta stân kaam op inisjatyf fan de feriening Circulair Friesland. It dokumint waard ûndertekene troch deputearre Sander de Rouwe út namme fan de Provinsje Fryslân, Caroline de Pee, feriening Fryske gemeentes, Mieke Attema fan Ryskswettersteat-Noard en Egbert Berenst fan it Wetterskip.

Draachflak

Neffens Houkje Rijpstra, direkteur fan Circulair Friesland is nearne yn Nederlân sa'n breed draachflak en it lef om dit no al konkreet ôf te praten. Neffens har hie de tarieding fan de oerienkomst de nedige fuotten yn 'e ierde omdat it útfieren fan it akkoart in flinke omslach fan de belutsen ynstansjes freget.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei Houkje Rijpstra fan Circulair Friesland

(advertinsje)
(advertinsje)