FIDEO: Ferkiezingsdebat Provinsjale Steateferkiezingen yn provinsjehûs

De politike partijen yn Fryslân brochten tiisdeitejûn noch ien kear harren stânpunten nei foaren yn it grutte ferkiezingsdebat fan Omrop Fryslân. In lyts oere lang giene de listlûkers fan fjirtjin fan de sechstjin partijen yn it Provinsjehûs yn Ljouwert mei-inoar yn debat. Allinnich Forum voor Democratie en DENK wiene net op de útnûging yngien.
It debat waard fierd oan de hân fan fjouwer stellingen mei de tema's ekonomy, lânbou, kultuer en wenjen. De presintaasje fan it debat is yn hannen fan Eric Ennema en Simone Scheffer.