Henk de Jong en Sandor van der Heide werom by SC Cambuur

Trainer Henk de Jong giet wer oan de slach by SC Cambuur. De Ljouwerter fuotbalklup presintearret him woansdei. Ek assistint-trainer Sandor van der Heide komt werom by Cambuur. De beide manlju tekenje nei alle gedachten foar trije jier.
NOCH NET PLEATSE! Trainer Henk de Jong werom by SC Cambuur
De Jong wie fan 2011 oant 2016 ek al yn tsjinst by Cambuur, earst as assisint-trainer. Yn it seizoen 2012/2013 waard er as ynterim-haadtrainer mei Cambuur kampioen yn de earste difyzje. Yn 2014 waard De Jong definityf haadtrainer. Yn syn lêste jier hie Cambuur it dreech. Hy hold yn febrewaris 2016 op.
Yn desimber 2016 waard De Jong oansteld as haadtrainer fan De Graafschap. Dêrmei folge er Jan Vreman op, dy't ûntslein waard. Under lieding fan De Jong promovearren de 'Superboeren' út Doetinchem yn 2018 nei de earedifyzje.

Folop spekulaasjes

Begjin maart makke De Jong bekend dat er ophâldt by De Graafschap. Hy wol mear thús wêze foar syn frou. Trije dagen letter kaam it nijs dat ek assistint-trainer Sandor van der Heide ophâldt by de Superboeren. Sûnt dat berjocht waard al folop spekulearre oer in 'comeback' fan de Drachtster trainer en syn assistint by Cambuur.

Opfolger fan Hake

De Jong nimt it stokje oer fan René Hake, dy't sûnt ferline jier de haadtrainer is fan Cambuur. It kontrakt fan Hake wurdt nei ien seizoen net ferlinge. Hake joech earder oan dat hy en de klup beide in oare kant op wolle.
SC Cambuur stiet op dit stuit op it tolfde plak yn de earste difyzje.
Cambuurwatcher Geert van Tuinen