Nijbou by Adelaarstsjerke yn Ljouwert wurdt wer sloopt

De soarchapparteminten yn oanbou by de Adelaarstsjerke yn Ljouwert wurde wer sloopt. Dat antwurdzje boargemaster en wethâlders fan Ljouwert op fragen fan D66. Omwenners kleie al langere tiid oer de binde en it klapperjen fan bouplestik.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
By de Adelaarstsjerke komme soarchapparteminten. De bou rûn net lykas ferwachte. Neffens it bedriuw Estea dat it projekt yn behear hat, wie der sprake fan 'in malafide bouwer'.
Dat bedriuw hat der sa'n binde fan makke dat der in soad klachten oer kamen. Estea hat omwenners yn in brief oanjûn dat it terrein fan takom wike ôf opromme wurdt. Alles wat opboud is wurdt wer sloopt. Dat jout de nije oannimmer romte om it wurk ôf te meitsjen.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma