Film Old Burger Weeshuis Snits út 1931 no op YouTube te sjen

In unike film fan it Old Burger Weeshuis Snits is no ek op YouTube te sjen. De film is makke yn 1931, it jier dat it weeshûs 350 jier bestie. Bysûnder is dat er fan goede kwaliteit is en kompleet bewarre bleaun is. De film is ferline jier troch it Fries Film Archief digitalisearre en moandei hat it argyf de digitale ferzje fan de film oan it boargerweeshûs weromjûn.
Old Burger Weeshuis
Neffens it Fries Film Archief hat it in bysûndere kar west om de film meitsje te litten. Yn de jierren '30 wie it djoer om in film te meitsjen. De gruttere yndustryen lykas bygelyks de suvel, fee en Fryske hynders hienen jild om in bedriuwsfilm te meitsjen.
De film is net foarsjoen fan lûd, mar wol fan tuskentitels. De bylden binne yn 2018 op hege kwaliteit digitalisearre. Ek dat is bysûnder, want in protte films út de begjinperioade fan de film binne ferlern gien. De film is in nitraatfilm. Sokke films kinne samar yn 'e brân fleane, en as se net goed opslein wurde, kin de filmstripe knappe.
Der komme ferskate ûnderwerpen foarby yn de film, wat him ek unyk makket. Sa komme de inisjativen fan it Alde Boargerweeshûs foarby. Dy inisjativen hienen in positive ynfloed op it kulturele, sosjale, maatskiplike en rekreative libben fan de bewenners fan Snits en omkriten. Der sitte ek bylden yn fan it weeshûs sels.

Grutsk op film

Bestjoerslid Liesbeth de Jonge fan it Ald Boargerweeshûs is tige grutsk op de film. "We willen wat meer gaan communiceren met de Snekers, om te laten zien wat we doen. We waren altijd een gesloten stichting. Dat blijven we, maar we willen mensen wel meer laten zien van de resultaten van ons werk." Om dat te dwaan is it Old Burgerweeshuis no ek aktyf op Facebook, hawwe se in eigen webstek en dogge se mei oan iepenmonumintedei.

Wilhelminapark

It weeshûs hat derfoar soarge dat it Wilhelminapark der kaam. It OBW woe de boargers fan Snits in skjin, feilich en moai plak jaan. Yn de film binne ek âlde bylden te sjen fan it park. It Old Burger Weeshuis wol no jild beskikber stelle foar de restauraasje fan it park. Nei alle gedachten giet it rjochting de 10.000 euro, seit Liesbeth de Jonge. Der moat noch wol praat wurde oer betingsten. Net twingend, mar wol advisearjend, sa't De Jonge it neamt. It soe moai wêze dat by de restauraasje fan it park ek kwetsbere of kânsearme jongeren belutsen wurde soene.
It Old Burger Weeshûs bestiet al sûnt 1581. Yn 1931 wie dat reden om in film te meitsjen fan alles wat it dien hat foar Snits. Sa hat it weeshûs der mei foar soarge dat it Wilhelminapark der kaam, der waard jild op it kleed lein foar de oanlis fan in sportpark en de edele ambacht fan it buorkjen waard promoate. In oar keunstikje wie it oanlizzen fan de wetterliedings mei de karakteristike wettertoer as resultaat. Yn de 88 jier nei de opname fan de film is der wol it ien en oar feroare, mar noch altyd is de ynfloed fan it OBW op de stêd Snits goed te sjen.