Linkse partijen komme mei natuermanifest as foarrinner op ferkiezingen

19 mrt 2019 - 17:20

PvdA, GrienLinks, D66 en Partij voor de Dieren komme mei manifest 'Het Groene Verschil' as foarrinner op de kolleezjefoarming nei de Provinsjale Steateferkiezingen. De fjouwer partijen diele ideeën op it mêd fan natuerbehâld en lânskip en wolle mei-inoar oplûke.

In natuerfreonlike sleat by de Snitser Mar - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

It plan wie om moandei, mei skriezen en al, in ferklearring ôf te lizzen yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Nei de sjitpartij yn Utrecht besleaten de partijen om dat net te dwaan. It manifest is in dei letter, dus tiisdei, de doar útgien. De ynhâld is net feroare.

"It draait om de takomst fan ús lânskip", sizze de fjouwer listlûkers. Se wolle it Fryske lânskip yn balâns bringe en dat moat in prioriteit wêze, as it oan Marijke Roskam (PvdA), Matthijs Sikkes-Van den Berg (GrienLinks), Romke de Jong (D66) en Rinie van der Zanden (PvdD) leit. "Dat kin allinnich mei in yntegrale oanpak foar behâld fan natuer, biodiversiteit en lânskip."

Yn line mei inisjatyffoarstel

"We lûke mei-inoar op by seis sintrale 'griene' ûnderwerpen", sizze se. De ideeën lizze yn line mei in inisjatyffoarstel fan ferline jier, wêryn't it folsleine Fryske feangreidegebiet as proefgebiet beneamd is. "As grutdiels nije listlûkers fine wy it wichtich om sjen te litten dat wy koersfêst binne en efter de ambysje stean bliuwe."

(advertinsje)