UPDATE: A7 wer frijjûn nei ûngelokken

19 mrt 2019 - 17:13

De A7 by It Hearrenfean en Snits is op beide plakken wer frijjûn. Tiisdeitemiddei wiene de diken even ticht nei ferskate ûngelokken.

Foto: ANP

Minsken moasten in hiel skoft lang noch hieltyd rekken hâlde mei fertragings. By it knooppunt by It Hearrenfean stiet op in stuit noch in file oan Aldehaske ta. De file yn Snits naam rap ôf.

De problemen by It Hearrenfean ûntstiene doe't dêr trije persoaneauto's belutsen rekken by in kopsturtbotsing. It ferkear by It Hearrenfean kaam dêrtroch op it knooppunt en rjochting Drachten fêst te stean. Minsken moasten rekken hâlde mei grutte fertragingens. It ferkear by Snits stie fêst op de ôfslach rjochting it sintrum by it Boargemaster Rasterhoffpark. Op dy ôfslach is ek in ûngelok bard.

Foto: -
(Advertinsje)
(Advertinsje)