Hoe komt it mei de beammen om de tsjerke fan Stiens hinne?

19 mrt 2019 - 17:12

De fraaie hege beammerigen om de Sint Vitustsjerke yn Stiens hinne binne byldbepalend. Mar hoe lang bliuwt it noch sa? De beammen binne oan grut ûnderhâld ta. Ut ûndersyk yn opdracht fan de tsjerke docht bliken dat der beammen snoeid en kapt wurde moatte.

Riedsleden fan de gemeente Ljouwert hawwe moandeitejûn by de tsjerke west om te beoardieljen wat de gemeente Ljouwert foar de beammen betsjutte kin. Ynkoarten sille sy der in beslút oer nimme. Der is mei-inoar 200.000 euro nedich foar it ûnderhâld.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra is yn Stiens

(advertinsje)
(advertinsje)