Fytspaad Ofslútdyk 3 jier ticht, lilke fytsers prate mei Rykswettersteat

19 mrt 2019 - 16:20

Rykswettersteat praat tiisdeitemiddei mei de ûndertekeners fan in petysje tsjin de sluting fan it fytspaad oer de Ofslútdyk. Op 1 april giet it trije jier ticht fanwege grut ûnderhâld oan de Ofslútdyk. De opstellers fan de petysje binne dêrop tsjin. It is in minne saak foar fytsers en kuierders.

Ofslútdyk - Foto: Shutterstock.com

In wurdfierder fan it Fytsersbûn ferwachtet dat Rykswettersteat de protestearders yn de mjitte komt. Dat kin net oars, want der is ûnrêst, neffens it fytsersbûn. De hope is dan ek dat it fytspaad yn de simmer wol iepengiet, of dat de perioade fan trije jier ynkoarte wurdt. Dat soe al in soad skele, neffens it bûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)