FIDEO: Op syk nei podden by Potmarge yn Ljouwert

Studinten fan hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert binne dit jier ek wer dwaande mei it feilich oersetten fan podden, kikkerts en salamanders yn it stedsnatuergebietsje de Potmarge yn Ljouwert.
FIDEO: Op syk nei de podden potmarge
De wurkgroep PAD 2019 hat in amfibye-stek opset om foar te kommen dat de bisten op it fytspaad platriden wurde. Elke moarn en jûn om acht oere wurde de bisten út de amers weihelle en oerset. Tagelyk wurdt it tal bisten opskreaun om de populaasje by te hâlden.