Tbs easke foar man dy't syn freondinne gizele

Tsjin in man út Drachten dy't fertocht wurdt fan gizeling en mishanneling fan syn freondinne, is ien jier sel en tbs mei twangferpleging easke. Hy hie oer de app jild fan har easke. Doe't se dat net brocht, trape er by har thús de doar yn. Hy soe har doe de kiel tichtknypt hawwe en har tsjinhâlden hawwe doe't se fuort woe.
Justysje © Shutterstock.com
De fertochte hat in lang strafblêd. Neffens in saakkundige hat er in psychiatryske steurnis en is er ferslaafd. Hy is al ferskate kearen behannele, sûnder resultaat. Njonken de selstraf en de tbs easket justysje ek in kontaktferbod fan fiif jier. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.