Keamerfragen oer langere gaswinning by Surhústerfean

19 mrt 2019 - 15:18

Sandra Beckerman fan de SP yn de Twadde Keamer freget minister Eric Wiebes wêrom't de NAM noch tsien jier gas winne mei by Surhústerfean. Neffens berjochtjouwing fan Energeia stiet de minister mear gaswinning ta as dat it Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) advisearret.

Foto: ANP

De NAM hat tastimming krigen om oant en mei 2028 gas te winnen by ûnder oare Surhústerfean. Beckerman wol fan de minister witte oft er it advys fan it SodM yndie yn de wyn slacht. Se freget har ek ôf hoefolle oft it gas opsmyt, hoefolle skea oft it opsmyt en wêr't minsken mei skea hinne kinne. Deselde fragen jilde foar in NAM-lokaasje by Grypstsjerk.

Sûnt 2008 wint de NAM gas by Surhústerfean. Der wie tastimming oant 2018, mar de NAM wol dat ferlingje oant 2028. De gemeente Achtkarspelen wol dat de winning ophâldt. Wiebes jout tastimming, nettsjinsteande negatyf advys fan it SodM.

(advertinsje)