Fryske baas fan ProRail giet fuort

19 mrt 2019 - 15:18

ProRail-topman Pier Eringa fan Burchwert giet ynkoarten fuort by de spoarbehearder. It bedriuw wurdt in semy-oerheidsbedriuw en yn de oanrin dêrnei ta docht Eringa in stap werom. Dat lit steatssekretaris Stientje van Veldhoven fan Ynfrastruktuer en Wettersteat witte.

Pier Eringa - Foto: ANP

ProRail is no noch in selsstannige BV, mei de oerheid as oandielhâlder. Yn de praktyk hat it kabinet eins gjin sizzenskip oer de koers fan it bedriuw. Om dat te feroarjen, wurdt de spoarbehearder omtsjoend ta in saneamd selsstannich bestjoersorgaan (zbo), wêrby't de ried fan bestjoer direkte ferantwurding ôflizze moat oan de steatssekretaris.

Krityk op feroaring

Sa't it no liket, is dat op 1 jannewaris 2021 in feit. Eringa hat neffens Van Veldhoven witte litten dat er net beskikber is as haad fan dy nije publike organisaasje. Earder sei er al oer de kabinetsplannen: "In bedriuw ûnder kuratele stelle en alle wiken op it matsje roppe, dêr wurde minsken oer it algemien net better fan."

De beneamingstermyn fan presidint-direkteur Eringa rint op 1 april dit jier ôf. Dat wurdt no ferlinge foar in beheinde perioade, oant der in geskikte opfolger fûn is. Eringa late it bedriuw sûnt 2015.

"Eringa heeft de afgelopen jaren met zijn kenmerkende energie de schouder gezet onder het versterken van de organisatie ProRail", seit Van Veldhoven. "Met resultaat!"

It is lykwols in publyk geheim dat it net altyd lekker rint tusken it ministearje en de topman. ProRail hat de ôfrûne jierren ek faak te krijen hân mei te folle útjeften en oare problemen by grutte bouprojekten.

Trefwurden: 
ProRail Pier Eringa
(Advertinsje)
(Advertinsje)