Fûgelekers moatte blauwe hoanskrobber en katûle yn Waadgebiet hâlde

Spesjale ekers op de Waadeilannen en yn it Noarden fan Nederlân moatte foarkomme dat seldsume fûgels út dy gebieten ferdwine. It tal briedpearen fan bygelyks de blauwe hoanskrobber en de katûle is "heel fragiel", stelt Vogelbescherming Nederland, dat de fûgelekers yn opdracht fan it Waddenfonds oanlein hat.
De blauwe hoanskrobber © Omrop Fryslân
Op de eilannen en lâns de kust is foar 250 hektare oan fûgelekers oanlein. Fûgelekers binne stikken agraryske grûn, opdield yn stripen. Op guon stripen groeie gers en krûden. Dêr ferskûlje mûzen harren graach yn en dat is wichtich fiedsel foar rôffûgels en ûlen. Boppedat briede ekerfûgels graach yn iepen gerslân.
De oanlis fan fûgelekers is ien fan de manieren om bedrige fûgelsoarten te beskermjen. Dizze wike komme goed fyftich wittenskippers út trettjin lannen foar it earst yn Grins by elkoar om kennis en maatregels út te wikseljen. De wittenskippers út ûnder oare Ingelân, Ierlân, Poalen en Wyt-Ruslân sille freed sjen by fûgelekers yn Noard-Grinslân.