Arno Brok: "Hege opkomst is fan belang foar ús provinsje"

Dat der woansdei yn Fryslân leafst sechstjin partijen meidogge oan de Provinsjale Steateferkiezingen, sjocht kommissaris fan de Kening Arno Brok net as 'fersnipeling', mar just as foardiel. "It past by de pluriformiteit fan ús politike lânskip. Dat is posityf. Minsken kinne net sizze: foar my sit der neat by. Foar elkenien moat der in partij wêze om op te stimmen."
Arno Brok
Dochs is de opkomst by provinsjale ferkiezingen faak leech. Wol is it yn ús provinsje faak better as yn de rest fan it lân. "Oer it algemien ha we de heechste opkomst fan Nederlân. De lêste kear wie it 53 persint, mar dat bliuwt te min." Brok hopet dat de opkomst heger wurdt. "Want foar ús provinsjaal parlemint is it fan belang dat se mei in rom mandaat wurkje kinne. Dat wurdt yngewikkelder as de opkomst leger as 50 persint is."
Dat de opkomst leger is, wol neffens Brok net perfoarst sizze dat minsken gjin ynteresse ha yn de polityk. "Ut ûndersyk docht bliken dat minsken ek wolris thúsbliuwe omdat se just tefreden binne. It is dus net altyd in anty-stim, der sitte ek tefreden minsken by de thúsbliuwers."
Der is gjin grut projekt mooglik sûnder de stipe fan de provinsje.
Arno Brok
Brok wol der ek net oan dat it komt troch it net bekend wêzen fan de provinsjale politisy. "In pear fan ús deputearren binne wol bekend, ek op nasjonaal nivo. As we it ferlykje mei oare provinsjes, dogge ús deputearren it wol aardich", seit de kommissaris. "It is wol sa dat gemeenteriedsferkiezingen mear op it netflues steane fan de minsken. Mar de provinsje makket as middenbestjoer wol it ferskil. We dogge in soad. Der is gjin grut projekt mooglik sûnder de stipe fan de provinsje. Sjoch nei Kulturele Haadstêd, mar ek op it mêd fan ynfrastruktuer en iepenbier ferfier. Dat kin net sûnder de provinsje."
Hy hopet dus dat elkenien syn of har stim woansdei útbringt. "Minsken moatte gebrûk meitsje fan har demokratysk rjocht. Dat kin ien kear yn de fjouwer jier, dus it is wichtich dat se nei de stimbus geane."

Us partijprogramma's, ús listlûkers en ús partijen

Yn lanlike media giet it in protte oer de Earste Keamer en lanlike politisy krije alle oandacht. Wurde de provinsjale ferkiezingen dêrmei net kaapt? "It moat oer ús provinsjale parlemint gean", seit Brok. "Dit binne ferkiezingen foar Fryslân. Fansels is der in yndirekte relaasje mei de lanlike polityk, mar it giet om ús partijprogramma's, ús listlûkers en ús politike partijen."
"De Earste Keamer is in 'chambre de réflexion': in part fan ús parlemint, mar wol mei in distânsje. Se meitsje sels gjin wetten, mar toetse de wetjouwing. It wurdt wol hieltyd politiker, mar dat is gjin goede saak. De leden wurde ek net streekrjocht keazen troch de ynwenners fan Nederlân, mar troch de leden fan Provinsjale Steaten. Dat bart aanst yn maaie. It aksint moat woansdei lizze op it belang fan Fryslân."

Foar it belang fan Fryslân

Twa fan de sechstjin Fryske partijen dogge net mei oan de debatten: DENK en Forum voor Democratie. Sy wiene ferline wike - lykas de PVV - ek net by de ferkiezingsjûn fan IepenUP en beide listlûkers wurken ek net mei oan de ferkiezingsrige fan it Omrop-radioprogramma No Yn Fryslân. "Dat se minder sichtber binne yn it politike debat, is in kar dy't se sels meitsje." Dêrnjonken wennet de listlûker fan DENK, Serkan Soytekin, bûten de provinsje. "Op it momint fan de ynstallaasje, moat elkenien yn de provinsje wenje", seit Brok dêroer.
Dat sein wurdt dat it beide partijen allinnich mar te dwaan is om de Earste Keamer, kin Brok neat oer sizze. "It past my as kommissaris net om dêr in stimpel op te setten", seit er. "Ik fyn wol dat de partijen rinne moatte foar saken dy't fan belang binne foar Fryslân."
Ik bin in tsjinstanner fan sprektiid. Lit mar komme!
Arno Brok
En dan alfêst foarsichtich foarútsjen op de perioade nei de ferkiezingen: miskien komme der aanst wol sechstjin partijen yn de Steaten. Brok sjocht der net tsjin op. Krektoarsom: "Fansels is dat wurkber! It past by de pluriformiteit fan ús politike lânskip. Foar elkenien is der in partij by." En dan mar sprektiid ynfiere dus, sadat de gearkomsten net te lang duorje? Net as it oan Brok leit: "Ik bin in tsjinstanner fan sprektiid. Lit mar komme! We binne in moaie dei út. It is o sa moai, dy steategearkomste. Wol is der sa no en dan krekt wat te folle werhelling, dat kin wol wat minder."
En de kâns sit deryn dat der ek nije deputearren komme. Dat is nij foar Brok, want dit binne de earste ferkiezingen mei Brok as kommissaris. "We ha in noflik kolleezje. Mar it heart derby: nei de ferkiezingen komme der miskien nije minsken. As foarsitter moat ik de profesjonaliteit ha om dêr wer in goed team fan te meitsjen. Nei de útslach komt der in hiel proses fan ûnderhannelingen. Dat kin mei fjouwer partijen, mei trije, mar it kin ek mei fiif."
Dit petear mei Arno Brok soe moandeitejûn útstjoerd wurde. Om't de politike kampanjes stillein waarden fanwegen de sjitpartij yn Utrecht, waard besletten de útstjoering op telefyzje net trochgean te litten.