Wetterpeil yn Fryske marren en fearten sakket nei normale stân

19 mrt 2019 - 12:01

Wetterskip Fryslân ferwachtet dat de wetterstân yn de Fryske marren en fearten oan de ein fan de wike wer om it normale peil hinne sitte sil. It wetterskip stribbet yn de Fryske boezem nei in wetterpeil fan 52 sintimeter beneden NAP.

Heechwetter - Foto: De Vries Media

Dat de wetterstân wer sakket, komt omdat fan tiisdei ôf de spuikapasiteit nei de Waadsee wer tanaam is. Dêrneist hat ûnder oare it Woudagemaal op De Lemmer sûnt ferline wike tiisdei oan it draaien west om oertallich wetter ôf te fieren.

110 milimeter rein

Troch it pak rein fan de lêste tiid wie dat peil omheech gien. Yn totaal foel der de ôfrûne twa wiken 110 milimeter rein. It grûnwetter yn de boppeste lagen is dêrtroch oeral wer aardich op peil. Oer it effekt op de grûnwetterstân wurdt pas oer in wike mear dúdlik. Dan hat it grûnwetter him stabilisearre.

(advertinsje)