Ljouwerter (40) fertochte yn 'cybercrimesaak' fan hûnderttûzenen euro's

De plysje hat in 40-jierrige man út Ljouwert oanhâlden yn in ûndersyk nei cyberkriminaliteit. De Ljouwerter wurdt fertochte fan it wytwaskjen fan krimineel jild. Ek in 24-jierrige man út Grins is oppakt; hy wurdt fertochte fan it meitsjen en fasilitearjen fan frauduleuze websiden.
Ljouwerter fertochte yn cybercrimesaak
Dy websiden wiene net echt. Benammen bûtenlânske klanten kochten dêr produkten en krigen dy, nei betelling, net levere. De websiden lykje op dy fan echte bedriuwen, dy't ek ynskreaun steane by de Keamer fan Keaphannel. Allinne de namme is krekt wat oars.

Wytwaskjen fan krimineel jild

De 40-jierrige Ljouwerter dy't oppakt waard, hold him nei alle gedachten dwaande mei it wytwaskjen fan it jild dat fia de websiden binnen kaam. Ek makke hy him wierskynlik skuldich oan BEC-fraude. Dêrby wurdt in meiwurker dy't betellingen útfiert, mislaat om falske faktueren te beteljen.

Hûnderttûzenen euro's

Nei alle gedachten is de skea yn it ûndersyk inkelde hûnderttûzenen euro's. De plysje slút meardere oanhâldingen net út. Nei de oanhâldingen binne de huzen fan de twa manlju trochsocht. Der binne kompjûters en oare apparaten yn beslach nommen; dêryn wurdt no speurd nei bewiismateriaal.
Dupearden en bedriuwen wêrfan't de namme ûnrjochtmjittich brûkt is, hawwe oanjefte dien. Neffens de plysje giet it om sa'n tweintich oanjeften.
Foar it ûndersyk, dat begjin 2018 úteinset is, wurket de plysje yntinsyf gear mei de banken. Sy melde net allinne fertochte finansjele transaksjes by de plysje, mar blokkearje ek fuortendaliks rekkens, as se tinke oan fraude. It wurdt dan foar de plysje folle ienfâldiger om beslach te lizzen op it jild. Dat kin dan werom nei de rjochtmjittige eigeners. It wichtichste is dat de fertochte der dan net mear by kin.