UPDATE: Utslaande brân yn garaazje Droegeham is ûnder kontrôle

19 mrt 2019 - 12:58

De brânwacht is tiisdei oan de ein fan de moarn oproppen foar in brân oan de Tsjerke Buorren yn Droegeham. Dêr stie in garaazje yn de brân, mei dêryn in studio. Om 12.45 oere hinne wie de brân ûnder kontrôle. De garaazje kin as ferlern beskôge wurde.

Omdat der hûzen yn 'e buert stean, waard al gau opskaald nei in middelbrân. Der wiene gjin minsken mear yn de garaazje. De brânwacht sette alles derop om it oerslaan fan de brân nei omlizzende gebouwen foar te kommen. Dat is slagge. Doarpshûs De Fakkel leit njonken it brânende pân. Dat docht woansdei tsjinst as stimburo.

De brânwachten fan Droegeham, Surhústerfean, Bûtenpost en Drachten kamen yn aksje.

Foto: Kevin v.d. Velde / ProNews
Trefwurden: 
brân Droegeham
(advertinsje)
(advertinsje)