Wiebo de Vries: "We kinne ús problemen net trochskowe nei nijere generaasjes"

Se komme der wer oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin der foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns him of har foar te stellen. Wiebo de Vries, listlûker fan ChristenUnie, slút tiisdei de rige ôf.
© Omrop Fryslân
Namme: Wiebo de Vries
Leeftiid: 49 jier
Wenplak: Donkerbroek
Berop: partner bij CFO Netwerk (finansjele tsjinstferliening)
Hobby: hurdfytse
Partij: ChristenUnie
Lid sûnt: 2010
Besjoch it partijprogramma fan de ChristenUnie.
Wiebo, sizze wy do of jo?
"Sis mar do."
Wêrom bisto listlûker wurden? Wêr kinsto it ferskil meitsje?
"Ik sit al in skoftsje yn de polityk en ik tink dat wy as lytse, kristlike partij echt in ferskil meitsje kinne yn de Fryske Steaten. De ChristenUnie set him yn foar in weardefolle mienskip."
"Elkenien telt mei, elkenien fertsjinnet in kans om mei te dwaan. Dat moatte wy der mei ús allen foar oer hawwe. Dêr gean ik sels hieltyd mei elkenien it petear oer oan."
Wa is dyn grutte politike foarbyld? En wêrom?
"In grut foarbyld yn de polityk ha ik net. Elk minsk is unyk. Elkenien mei wêze wa't hy of sy is. Wat ik hiel ynspirearjend fûn, wie Ljouwert-Fryslân 2018, it jier fan de Kulturele Haadstêd."
"Wy hawwe sjen litten wêr't Fryslân ta yn steat is. Wat ús ambysjes binne. It wie in feest fan de mienskip. In foarbyld fan hoe't it kin. Kânsen pakke yn stee fan problemen sjen. Gearwurkje en bouwe oan útdagingen."
Wat is it earste dat der feroaret as dyn partij yn it kolleezje komt?
"Wy sette it ûnderwerp klimaatferoaring heech op de aginda. Wy steane foar in geweldige útdaging: de enerzjytransysje, de oersetting fan it klimaatakkoart nei Fryslân. De ChristenUnie sil feart sette efter de Regionale Energie Strategie."
"Ek sille wy derfoar soargje dat elkenien meidwaan kin. De enerzjytransysje sil wat kostje, mar leveret ek in hiel soad kansen op: ynnovaasje, wurkgelegenheid en nofliker wenje. We kinne ús problemen net trochskowe nei nijere generaasjes. De skepping is ús soarch yn de tiid dat wy hjir binne."
Wy sette it ûnderwerp klimaatferoaring heech op de aginda.
Wiebo de Vries, listlûker fan de ChristenUnie
Reagearje op de stelling: De provinsje as bestjoerslaach kin wol ôfskaft wurde.
"Seker net. De provinsje hat in wichtige rol, bygelyks as it giet oer de ynfolling fan de romte. Fryslân is de moaiste provinsje fan Nederlân. Dat hâlde wy allinnich sa as wy soarchfâldich omgean mei de natuer, it lânskip en de bebouwing."
"De provinsje sil ek in wichtige rol spylje by de útfiering fan it klimaatakkoart. De provinsje kin befoarderje dat elkenien meidocht: gemeenten, boeren, bedriuwen, boargers, ynstellingen en maatskiplike organisaasjes. Wy moatte de goede dingen op de goede skaal en yn de goede folchoarder dwaan."
Hoe wol dyn partij de Friezen better/mear belûke by de provinsjale polityk?
"It begjint dermei dat wy sjen litte wêr't de provinsje oer giet. Dat provinsjale polityk ferskil makket foar minsken. Wy moatte as Fryske Steaten en kolleezje troch de provinsje lûken bliuwe om te hearren wat der spilet en om minsken te belûken by de grutte útdagingen dêr't wy mei ús allen foar steane. Dêr hawwe wy alles en elkenien by nedich."
Telefyzjeprogramma's lykas Zondag Met Lubach en De Wereld Draait Door geane gauris oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe geane jimme dêr mei om?
"Dêr kinne wy wol tsjin, al moatte wy sa no en dan al even slikke. Wy geane it debat net út de wei. Wy sjogge it as in útdaging om ús boadskip noch helderder te meitsjen."
De provinsje sil ek in wichtige rol spylje by de útfiering fan it klimaatakkoart.
Wiebo de Vries, listlûker fan de ChristenUnie
Kinst ús wat oer dysels fertelle dat net ien wit?
"Hast net ien wit dat wy thús yn Donkerbroek in fruitbeammehôf hawwe. Sa'n hûndert heechbeamstammen. As ik troch myn hôf rin, beammen snoei, tûken opromje en appels pluk, kom ik ta rêst. Dat is ien van de grutste freugden fan bûtenút wenje. By my thús ûnderfyn ik elke dei hoe weardefol de skepping is."
Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy dy nachts wekker meitsje?
"Sûkerbôle. En al hielendal mei in laachje boerebûter."
Wêrom moatte minsken op 20 maart op jo stimme?
"Wolsto dat elkenien meitelt, dat wy ús regio fersterkje en goed foar de skepping soargje? Stim dan 20 maart op de ChristenUnie. Foar in weardefol Fryslân."
Op woansdei 20 maart kinsto stimme foar de Provinsjale Steaten. Tagelyk wurdt der ek stimd foar de Wetterskipsferkiezingen. Noch gjin idee op wa'tst stimme silst? Doch de Stimwizer en lês alles oer de ferkiezingen op ús webside Omropfryslan.nl/ferkiezingen.