Bou nij kluphûs wettersportferiening yn Drachten úteinset

19 mrt 2019 - 10:41

De bou fan it nije kluphûs fan wettersportferiening Drachten-Veenhoop is úteinset. Dat nije gebou, mei in kantine en in berging, moat foar de simmer klear wêze.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Yn de kantine wurde gearkomsten, lêzingen en kursussen holden foar leden fan de feriening. Boppedat is it yn it sylseizoen alle freedtejûnen it startplak foar fyftich jonge silers.

It kluphûs komt njonken de roeiferiening De Gragt en kanoferiening De Frosken. De trije ferieningen wollen bouwe oan in oantreklik wettersportsintrum op dy nije lokaasje.

Friese Poort helpt mei

By de bou binne learlingen fan ROC Friese Poort belutsen. Foar harren is it in learprojekt. Sy binne al moannen dwaande mei de tariedingen. De learlingen planne, grave, stoarte beton en timmerje. Fierder helpe de gemeente, frijwilligers en oannimmers by de bou.

De nijbou wurdt mei mooglik makke troch in subsydzje fan it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje.

Trefwurden: 
Drachten wettersport
(Advertinsje)
(Advertinsje)