Boargemaster Tytsjerksteradiel beneamd ta foarsitter Afûk

Boargemaster Jeroen Gebben fan de gemeente Tytsjerksteradiel is dizze moanne beneamd ta foarsitter fan de Afûk. Gebben is fan 1 maart ôf begûn as bestjoerder fan it Fryske taalynstitút.
© Gemeente Tytsjerksteradiel
Njonken de foarsittersposysje wie ek dy fan skriuwster (sekretaris) fakant; dy is ynfolle troch ûndernimster Anje Wester fan Earnewâld. De Afûk hat mei de twa nije bestjoersleden no wer in foltallich bestjoer.