Kollum: "It belang fan Fryslân"

19 mrt 2019 - 09:27

"De wyn jaget in losrekke ferkiezingsposter troch de strjitte. In kat, dy't op de motorkape fan in auto sit, sjocht it knypeagjend oan. It bist gappet. Yn de fierte klinkt it kriten fan in seefûgel. Stilte stiet heech by de huzen op. Krekt as by de stimburo's.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Sa sil it moarn wêze, rûs ik. De opkomst fan de provinsjale steateferkiezingen leit ommers al jierren ûnder de 50%. En dat is ferrekte spitich. Want provinsjale polityk ûntskuort him oan de waan fan 'e dei, yn tsjinstelling ta dy fan de lanlike polityk. Dêrmei binne de provinsjale ferkiezingen like wichtich as de lanlike fariant. De provinsjale polityk bestjoert de provinsje. En dy provinsje, dat binne wy mei ús allen.

No is it sa dat de lanlike polityk de provinsjale ferkiezingen altyd oerskadet. Dat komt om't dat lêste keppele is oan de ferkiezingen foar de Earste Keamer. Mei it fersplinterjen fan it politike lânskip is in mearderheid foar de regearingspartijen yn de Earste Keamer gjin fanselssprekkendheid mear. Sterker noch: dy sille de mearderheid yn de senaat wol kwyt reitsje, en oanwiisd wêze op de stipe fan de opposysjepartijen. It is om dy reden dat alle debatten troch de lanlike polityk rôve wurde.

Mei it ferstân kin ik dat noch begripe, mar mei it hert net. Dat hert seit dat de lanlike polityk mei syn begearige, switterige en stjonkende fingers fan de provinsjale ferkiezingen ôfbliuwe moat. It belang fan Fryslân stiet by einbeslút foarop. Dat kin it bêste troch de provinsjale polityk behertige wurde. Dus ha ik my op in rûzige neimiddei oer de programma's fan de ferskillende partijen bûgd mei allinne dat foar eagen: it belang fan Fryslân.

It earste dat my opfoel wie de folsleine minachting fan in partij as DENK foar ús provinsje: harren beide kandidaten komme nammentlik út Rotterdam en Hoofddorp. Nee, dy binne op 'e hichte mei it krewearjen fan boer Sybren út Rotsterhaule en de problemen fan in plakje as Lollum.

Dan it programma fan lavindelsnuver Baudet en syn Forum voor Democratie (FvD). As je hielendal neat mei Fryslân ha moatte je op dy klup stimme. Sadwaande binne je der wis fan dat taal, kultuer en in sûne libbensomjouwing troch it sinkputsje gean. It feit dat FvD'er Hiddema fan Holwert komt moat gjin reden wêze om op it FvD te stimmen: de hûn fan ús buorlju is yn Blije berne. En dy ferrekt it fierders ek neat.

Mei it belang fan Fryslân foar eagen foelen hieltyd mear partijen ôf. Hielendal doe't ik spesifyk op taal, kultuer en identiteit begûn te letten. De measte partijen komme mei deadwaners en algemienheden oer it fuotljocht ('Friese taal en identiteit zijn belangrijk'). Ynhâldlik binne wat dat oangiet partijen as de SGP, 50PLUS, de VVD, D66 en de Partij voor de Dieren like hol en leech as de bierfetten nei trije dagen Dokk'em Open Air.

Hawar, stimadvys jou ik net. Wol ried ik jim oan om mei de bril fan 'It belang fan Fryslân' nochris nei de partijprogramma's te sjen. En dat iene fakje woansdei yn alle gefallen it read fan in pompebledsje te jaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)