Omrop TIP: stim mei by it live listlûkersdebat

Op de foarjûn fan de ferkiezingen presintearje Eric Ennema en Simone Scheffer live it listlûkersdebat. Om 19.00 oere set it debat útein yn it provinsjehûs yn Ljouwert. Dat alles is te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.
© Omrop Fryslân
Op de listlûkers fan de partijen DENK en Forum van Democratie nei dogge alle listlûkers foar de ferkiezingen foar de Fryske Provinsjale Steaten mei oan it debat. Der wurdt ûnder oare diskusjearre oer de tema's ekonomy en duorsumheid, biologysk buorkje en mear jild foar kultuer en wenningbou. Dêrneist klimme alle listlûkers op de sjippekiste om de ynwenners fan Fryslân koart te fertellen wêrom't der, neffens de listlûker, op harren partij stimd wurde moat.

Stim mei ûnder de útstjoering!

Net allinnich de listlûkers komme oan it wurd, mar ek de minsken yn de seal en thús kinne harren miening jaan. Under de útstjoering kin nammentlik meistimd wurde fia de Mentimeter. Dêr is wol in smartphone of tablet foar nedich; fierdere ynstruksjes wurde ûnder de útstjoering jûn.
Publyk is wolkom om de útstjoering by te wenjen; de seal yn it provinsjehûs is iepen fan 18.30 oere ôf. It listlûkersdebat is fan 19.00 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en wurdt werhelle om 21.00 en 23.00 oere.