Ekstra jild tsjin wurkdruk yn basisûnderwiis helpt, blykt út enkête

19 mrt 2019 - 08:28

It jild dat it basisûnderwiis krigen hat foar it ferleegjen fan de wurkdruk docht fertuten. Dat docht bliken út ûndersyk fan it buro Duo, dat hast seishûndert learkrêften ûnderfrege hat.

Underwiisstaking - Foto: ANP

Der is dit skoaljier 155 euro de learling beskikber steld foar it ferleegjen fan de wurkdruk. Fan de ûnderfrege learkrêften seit 63 prosint persoanlik in legere wurkdruk te ûnderfinen.

Hast alle dielnimmers witte ek wêr't it ekstra jild op har skoalle oan bestege wurdt. Yn de measte gefallen is dat oan ûnderwiisassistinten, mar ek wol oan faklearkrêften of bettere ict.

Mear as de helte fan de ûnderfrege learkrêften neamt it ekstra jild in 'druppel op de gloeiende plaat'. Hast de helte, 49 prosint, hat der gjin fertrouwen yn dat it regear de kommende jierren aktyf wurkjen bliuwe sil oan it ferleegjen fan de wurkdruk; 16 prosint hat dêr wol fertrouwen yn.

Aksje fiere

De ôfrûne jierren waard der yn it ûnderwiis ferskate kearen aksje fierd, ûnder oare foar it ferleegjen fan de wurkdruk. Ofrûne freed noch waard der ek op in soad Fryske skoallen staakt of op in oare manier aksje fierd.

Trefwurden: 
basisûnderwiis wurkdruk duo
(advertinsje)
(advertinsje)