Hierders prate oer fúzje: "Sykje nei mearwearde foar bewenners"

Se binne der al moannen mei dwaande yn De Fryske Marren: de fúzje fan wenningkorporaasjes Lyaemer Wonen op De Lemmer en Wonen Zuidwest Friesland yn Balk. De bestjoeren binne der wol oer út en wolle fusearje, mar ek de hierders hawwe ynspraak. "Wannear't wy 'nee' sizze, giet it feest net troch."
Lyaemer Wonen © Omrop Fryslân, Douwe Boersma
Foarsitter Anneke de Vries fan de hierdersferiening
Neffens de wenningkorporaasjes smyt in fúzje in flinke besparring op. Boppedat kinne se de útdagingen fan de takomst better oan, sa sizze se, mar wat betsjut it foar de hierders? "Sûnt de Wenningwet út 2015 is it sa dat de hierders yn sokke gefallen meibeslisse meie", wit foarsitter Anneke de Vries fan hierdersferiening Lemsterland, belangebehertiger by Lyaemer Wonen. "Wannear't wy 'nee' sizze, giet it feest net troch."
Moandeitejûn kamen de hierders fan de wenningen op De Lemmer foar it earst by elkoar om oer de fúzje te praten. "Wy hawwe nei alle plus- en minpunten lústere dy't ús oanrikt binne", seit De Vries. "Wy hawwe de bewenners rieplachte en in soarte fan peiling holden. De útslach dêrfan fertel ik noch net, want 'Balk' moat noch stimme. Dy útkomst nimme wy ek mei nei ús gearkomste en dêr wurdt beslist wat we dogge."

Mearwearde foar bewenners

Op basis wêrfan sil de hierdersferiening in beslissing nimme? Allinnich oan de hân fan de peiling? "Nee, seker net", seit De Vries. "Betelberens is in 'hot item', krekt sa as beskikberens en duorsumens. Dêr moat wol it ien en oar foar barre. Wy sykje nei de mearwearde foar de bewenners."