ChristenUnie wol net yn selde Europeeske frakje as Forum voor Democratie

19 mrt 2019 - 06:04

Foar de ChristenUnie is it ûnakseptabel dat Forum voor Democratie nei de Europeeske ferkiezings lid wurdt fan de fraksje fan de Europeeske konservativen en herfoarmers, de European Conservatives and Reformists (ECR).

De plenêre seal fan it Europeesk Parlemint yn Brussel - Foto: Omrop Fryslân

De konservativen binne op dit stuit de op twa nei grutste politike famylje yn it Europeesk Parlemint, mar se wurde as gefolch fan Brexit folle lytser. De Conservative Party heart by de gruttere partijen fan de ECR. Nei de Brexit gean sy derút.

Grutte ferskillen

De Poalske foarsitter Ryszard Legutko fan de konservativen hat dêrom snein mei Forum voor Democratielieder Thierry Baudet ôfpraat dat sy lid wurde fan de konservative fraksje. Listlûker Derk Jan Eppink fan Forum voor Democratie is sels fan herte wolkom, want hy wie al earder lid fan deselde fraksje as fertsjintwurdiger fan in Flaamske partij.

Foar foarsitter Piet Adema fan de ChristenUnie is in mooglik lidmaatskip fan Forum voor Democratie by de Europeeske konservativen ûnbesprekber fanwege de grutte ferskillen tusken de twa partijen.

"Forum is foar Nexit"

De ChristenUnie sil dêrom besykje om in mooglik lidmaatskip fan Forum op te kearen. "Forum is foar Nexit, wylst wy Europa herfoarmje wolle. Wy wolle net út de EU, want Europa hat ús in soad brocht." Ek de stânpunten op it mêd fan Ruslân en migraasje lizze bysûnder fier útinoar, seit Adema.

De partijfoarsitter wiist derop dat Forum noch lang gjin ûnderdiel fan de konservative fraksje is. "Sy sille dat earst mei ús beprate moatte en yn stimming bringe moatte. By elke stap sille wy ús fûl fersette."

Tegearre mei de SGP is de ChristenUnie al in moai skoft oansletten by de ECR-fraksje, mar de ôfrûne jierren wie de gearwurking net altyd noflik. Der wie gauris spul yn de konservatieve fraksje oer útienrinnende ûnderwerpen as Brexit en de pulsfiskerij. De ChristenUnie krige ek yn de eigen politike famylje lang net altiten stipe foar de eigen foarstellen.

Nei de Europeeske ferkiezings sil it politike lânskip yn it Europeesk Parlemint nei alle gedachten bot feroarje. De kristendemokratyske EPP is fan doel om de Hongaarske partij Fidesz fan premier Orban út de fraksje te setten, omdat dizze partij him yn eigen lân ûndemokratysk gedrage soe. Fidesz sjocht yn de konservatieven in gaadlik alternatyf, te grutte argewaasje fan Adema. "It klimaat yn de konservatieve fraksje wurdt foar ús wol hiel guur, as Forum voor Democratie en Fidesz dêr beide ynsitte." Yn sa'n fraksje heart de ChristenUnie net thús, seit de partijfoarsitter. "De fraksjefoarming bart fansels pas nei de ferkiezings, mar lit ik it sa sizze. Ik kin my neat foarstelle by ChristenUnie en Forum voor Democratie yn ien fraksje yn Europa."

Partijfoarsitter Piet Adema fan de ChristenUnie

(advertinsje)
(advertinsje)