'Iselmargebiet as ien grut nasjonaal park wurdt dreech ferhaal'
De status fan nasjonaal park foar it hiele Iselmargebiet wurdt foarearst in dreech ferhaal. Dat is de útkomst fan in ûndersyk yn opdracht fan de Iselmarferiening.
'Iselmargebiet as ien grut nasjonaal park wurdt dreech ferhaal'
It wol lykwols net sizze dat jo net in hiel ein komme kinne as jo it nije nasjonale park Nieuw Land yn Flevolân útwreidzje sadat yn alle gefallen in grutter part fan de Iselmar dy status kriget. In folslein nij park foar de eardere Sudersee is dreech, omdat der in hiel soad partijen by belutsen binne. It binne ek allinnich de seis provinsjes dy't de mar foardrage kinne as nasjonaal park by it ministearje fan Lânbou en Natuer.
Binnen de Iselmarferiening wurdt posityf tocht oer de nasjonaal-park-status. It kin meihelpe om it belied fan it grut ferskaat oan oerheden better opinoar ôf te stimmen. Foaral as it giet om natuer en lânskip wurde noch te faak besluten naam dy't op harsels net altyd it measte kwea kinne, mar by-inoar opteld, kinne de gefolgen bêst grut wêze. "De overheden zijn de afgelopen jaren gelukkig wel beter gaan samenwerken", fynt Auke Wouda fan de Iselmarferiening. It ûndersyk wurdt ynkoarten oan de leden presintearre.

Remco de Vries
Remco de Vries folget alles wat der bart yn Fryslân op it mêd fan natuer en miljeu. Remco is ek fervent natuerfilmer en lânskipsfotograaf.