Gemeenteried Hearrenfean nimt moasje oan oer nij spoar Lelystêd-Grins

Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean moatte it maksimale dwaan foar de komst fan de Lelyspoarline. In moasje dêrta waard moandei oannaam yn de riedsgearkomste.
© http://www.lelylijn.eu
De Lelyline is in nije spoarline yn Noard-Nederlân. Hy ferbynt It Hearrenfean mei Drachten en Grins oan de iene kant. Oan de oare kant rint it spoar fan It Hearrenfean nei Emmeloord en Lelystêd.
Mei de nije spoarline leit It Hearrenfean 'as in spin yn it web' en wurdt it plak folle better berikber. En dat is goed om It Hearrenfean in kâns te jaan de posysje fan banenmotor fan Fryslân te ferstjerkjen, fynt Rolie Tromp fan de VVD yn dy gemeente. Syn partij tsjinne in moasje yn, yn de mande mei PvdA, CDA en ChristenUnie, GrienLinks en Gemeentebelangen. De moasje waard oannaam.