Natuurlijk Fryslân tsjin kampanjestop: 'Lit terreur net winne'

18 mrt 2019 - 20:59

De partij Natuurlijk Fryslân hâldt gjin kampanjestop nei oanlieding fan de oanslach yn Utrecht fan moandei. Dat hat listlûker Sietze Schukking bekend makke.

Sietze Schukking - Foto: Natuurlijk Fryslân

Sietze Schukking oer it net ûnderbrekken fan de kampanje

Ferkiezingen binne wichtich foar de demokrasy. Kampanje fiere is dêr in tige essinsjeel ûnderdiel fan, om't de kiezers dan ynformearre wurde oer wat de partijen wolle, skriuwt Schukking. Syn partij Natuurlijk Fryslân fynt it prinsipieel net goed de kampanje stil te lizzen. Dêrmei dogge jo krekt wat de terrorist wol. Nei de oanslach yn Christchurch yn Nij-Seelân binne de ferkiezingskampanjes ek net stillein. Elk slachtoffer fan terreur, wêr ek op de wrâld, is like slim, sa skriuwt Schukking.

Terreur is rjochte tsjin de demokratyske rjochtsoarder. Lit de terreur net winne, sa beslút Schukking syn motivaasje om wol troch te gean mei de kampanje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)