'Utgean fan it slimste senario, ôfskale kin letter altyd noch'

18 mrt 2019 - 19:30

"Crisismanagement is eigenlijk management van dilemma's." Dat seit Jos Rijpma, dosint yntegrale feiligenskunde fan de NHL Stenden en de Thorbecke Academie, yn in reaksje op de situaasje yn Utrecht.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

By in sjitpartij yn in tram yn de Domstêd foelen moandei trije deadlik slachtoffers, fiif oaren rekken ferwûne. De aksje fan de oerheid is yn sokke gefallen as yn Utrecht hiel oars as by rampen of grutte ûngefallen. Yn dit gefal moat altyd rekken hâlden wurde mei mooglike ferfolchoanslaggen, seit Rijpma. Der kin terrorisme yn it spul wêze.

Der kin mar better fan it slimste útgien wurde. It earste inisjatyf foar it opskalen leit by it Iepenbier Ministearje, dy't mei it slimste senario rekken hâlde moat. Letter ôfskale kin altyd noch. Efternei wurdt noch wolris sein dat in reaksje oerdreaun wie, lykas as by it sluten fan in skoalle yn Leiden nei in driichbrief. Dochs is dat noch altyd folle better, as efternei fêststelle dat jo te min dien hawwe.

Dat der oer in pear dagen ferkiezingen hâlden wurde, hat neffens Rijpma gjin rol spile. "De afweging om deze draaiboeken te volgen wordt los van dergelijke omstandigheden genomen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)