Gemeente stekt 1,8 miljoen euro yn Cornelis Troost Atelier Ljouwert

De gemeente Ljouwert wol de âlde ambachtsskoalle yn de Ljouwerter wyk Huzum foar 1,8 miljoen euro opknappe. Yn it gebou hawwe keunstners en ambachtslju harren wurkromten ûnder de namme Cornelis Troost Atelier.
Gemeente stekt 1,8 miljoen euro yn âlde ambachtskoalle Ljouwert
It jild is bedoeld foar de renovaasje fan it gebou oan de Cornelis Trooststrjitte dat grutte gebrekken hat. Der is lekkaazje, yn 'e winter is it der roetkâld en der binne stikkene plafons. Op it stuit hawwe tsientallen keunstners en ambachtslju foar net folle jild in plak yn de âlde ambachtsskoalle, mar it is net ideaal.

Waarm

It Cornelis Troost Atelier is yn hannen fan de gemeente. Der binne ôfspraken makke mei de brûkers oer de hierprizen. As it gebou opknapt is, wurdt de hierpriis 75 euro de fjouwerkante meter. De gemeente is op dizze wize wis fan ynkomsten, sadat de ynvestearring út kin.
"De gemeente soarget derfoar dat it net mear lekt. It is der waarm en de stookkosten bliuwe beheind. Betingst is wol dat de gebrûkers ynvestearje yn it eigen atelier, yn de gong of yn de mienskiplike romtes", seit wethâlder fan kultuer Sjoerd Feitsma.
Wethâlder Sjoerd Feitsma oer de ynvestearring
Hennie Broers, edelsmit yn Cornelis Troost Atelier © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Hierferheging

Ien fan de gebrûkers is edelsmid Hennie Broers. Jierrenlang hat se derfoar striden om de skoalle ta kultureel briedplak te meitsjen. Der hat sels efkes sprake west fan sloop, om plak te meitsjen foar nijbouwenten. Broers is bliid dat de gemeente, nei jierrenlang praat te hawwen, ta aksje oergiet. Wol binne der noch in soad iepen eintsjes. "Er zijn nu gebruikers die hele grote ruimtes hebben, en hier kunnen de huurprijzen flink oplopen."
Mar ek foar jonge keunstners, dy't net in soad jild hawwe foar hier, moat in oplossing komme. "We zouden ze graag hier in ons pand willen hebben, maar vinden het niet eerlijk dat de volledige huurprijs op hun bordje komt. Het zou mooi zijn als de gemeente hier een gebaar in kan maken. Want ook de gemeente is erbij gebaat dat startende kunstenaars in Leeuwarden blijven."
Hennie Broers, edelsmid yn it Cornelis Troost Atelier

Westertsjerke en Sealen Schaaf

De gemeente is op it stuit dwaande mei it kulturelebriedplakbelied. Nei oanlieding fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 binne in soad talinten nei Fryslân kaam. Op 't heden wurde ek plannen útwurke foar de Westertsjerke en Sealen Schaaf. "As gemeente sille wy sjen oft dy plannen safolle mooglik eksploitabel binne. Dus dat der net tefolle jild achteroan moat", seit wethâlder Feitsma.
"It kin wêze dat wy sizze: dit is ús in ynvestearring wurdich, om't sokke plakken derfoar soargje dat minsken elkoar moetsje en moaie dingen meitsje kinne, en wêr't fernijing plakfynt. Wy moatte dizze diskusje noch fiere, dus ik wit noch net oft Sealen Schaaf en de Westertsjerke op deselde wize beoardiele wurde sille as dit gebou", seit Feitsma.