Sportoersjoch: Epke fljocht nei goud oan de rekstôk yn Bakoe

18 mrt 2019 - 17:50

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.

Epke Zonderland hat syn twadde wrâldbekerwinst fan it seizoen binnen. Yn Bakoe, de haadstêd fan Azerbeidzjan, wie er de bêste oan de rekstôk.

Sportklup Hearrenfean like de smaak te pakken te hawwen, mar ferlear sneon thús kânsleas fan degradaasjekandidaat De Graafschap. De ploech fan de Drachtster trainer Henk de Jong wie mei 3-0 te sterk. En hoe sit it no mei De Jong en Cambuur? Komt er werom as haadtrainer of net?

ONS Snits, yn de tredde difyzje fan it sneonsfuotbal, hat de punten noch nedich foar liifsbehâld. Hielendal tsjin SJC út Noordwijk, dat ûnderyn stiet.

Twa Friezen kamen it wykein yn aksje op it WK parabaanhurdfytsen yn Apeldoorn: Tristan Bangma en Alyda Norbruis.

Fierder ha we it oer Harkemase Boys, de UNIS Flyers en VC Snits.

(advertinsje)
(advertinsje)