Earste finalewedstriid UNIS Flyers is 'Wedstriid fan de Wike'

It seizoen fan de UNIS Flyers giet nei de ein ta. De iishockeyers komme inkeld noch mar út foar de BeNe-League. Freed is de earste wedstriid fan dy finale, tsjin Microz Eaters Limburg út Geleen of de HYC Herentals út it Belgyske Herentals. It is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.
Kwa prizen falt it seizoen fan de Flyers oant no ta wat ôf. Allinnich de Ron Bertelingskaal, de supercup, waard wûn yn it begjin fan it seizoen. Fierders grypte de ploech fan coach Mike Nason njonken de beker en de Nederlânske titel. "Dan kinne jo konkludearje dat der wol druk stiet op de finale fan de BeNe-League", seit sportferslachjouwer Andor Faber. "It is allinnich noch efkes ôfwachtsje wa't de tsjinstanner wurdt. Geleen en Herentals spylje noch in tredde en beslissende heale finale."
De earste wedstriid wurdt freedtejûn spile op Thialf. Om't it de 'Wedstriid fan de Wike' is, stjoert Omrop Fryslân it duel live út op de webside en yn de app. Sportferslachjouwer Freark Wijma fersoarget it kommintaar, tegearre mei de blessearre UNIS Flyers-spiler Lars den Edel.
© Omrop Fryslân
Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.