Taname hoarekasaken yn Ljouwert leger as gemiddeld yn Nederlânske binnenstêden

18 mrt 2019 - 16:30

Yn it sintrum fan Ljouwert binne der de ôfrûne tsien jier minder hoarekasaken bykaam as gemiddeld yn alle binnenstêden fan Nederlân. Dat docht bliken út sifers fan Koninklijke Horeca Nederland.

Foto: ANP

Dochs is der de ôfrûne tsien jier aardich wat hoareka bykaam yn Ljouwert: 14 prosint. Trochinoar wie de taname yn de sintra fan alle Nederlânske binnenstêden 21 prosint. Yn Rotterdam hie mei 50 prosint de heechste groei.

Koninklijke Horeca Nederland is bliid mei mear hoareka, mar fynt wol dat provinsjes foarkomme moatte dat tefolle saken yn ien gebiet komme. De organisaasje docht syn oprop fanwege de kommende steateferkiezings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)