Rembrandttentoanstelling Fries Museum lûkt 76.000 besikers

18 mrt 2019 - 16:15

Troch de Rembrandttentoanstelling hawwe yn it Fries Museum hast 77.000 besikers oer de flier west. Dat hat it museum bekend makke. Snein wie de lêste dei fan de útstalling.

Rembrandt van Rijn, Zelfportret, 1632, olieverf op paneel Burrell Collection Glasgow | Geschonken door Sir William en Lady Burrell aan de stad Glasgow - Foto: Fries Museum

De Rembrandttentoanstelling krige fan it publyk in 8,5 as sifer. It Fries Museum hat ek ûndersyk dien nei it publyk. Dêr docht út bliken dat 58.000 minsken spesjaal foar Rembrandt en Saskia nei Ljouwert ta kaam binne en dat se sawat 2,4 miljoen útjûn hawwe yn de stêd. Te tinken falt dan oan jild foar oernachtingen en iten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)