Coolcat freget fallisemint oan, ien fêstiging yn Fryslân

18 mrt 2019 - 16:13

Kleanwinkelketen Coolcat, mei ek in fêstiging yn Ljouwert, hat it fallisemint oanfrege. De keten hat al in oantal jierren finansjele problemen. Troch de lange simmer fan ferline jier en de ôfrûne sêfte winter binne dy te grut wurden. Mei-inoar wurkje der hast 1200 minsken by Coolcat. De keten hat ek winkels yn it bûtenlân, dêr jildt de fallisemintsoanfraach net foar.

Trefwurden: 
fallisemint CoolCat
(Advertinsje)
(Advertinsje)