Topdrokte by kieshelpen, mar hokker brûkst do?

18 mrt 2019 - 15:44

De ferkiezingen foar de Provinsjale Steaten binne al oer twa dagen, dus de topdrokte by online kieshelpen komt der ek wer oan. Yn Fryslân kinst kieze út mar leafst trije ferskate. Wat binne de ferskillen?

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Patrick Arink, betinker fan de MeestemMeter

Twa fan de kieswizers sjogge nei wat partijen tasizze yn harren partijprogramma. De earste is MijnStem, dy't stipe wurdt troch de provinsje. Ek de Ljouwerter Krante hat in kieshelp makke: de Kieswijzer. Dy lêste is makke op basis fan wat lêzers fan de krante dwaande hâldt.

Wat ha de partijen dien?

Dêrnjonken hat Fryslân, as iennige provinsje, ek de MeestemMeter. Dy kieshelp sjocht net nei wat partijen tasizze, mar nei wêr't se ôfrûne perioade foar en tsjin stimd hawwe. De útslach fan de twa soarten kieshelpen kin dêrtroch behoarlik ferskille. Partijprogramma's binne dúdlik net altyd in garânsje foar wat partijen echt dogge as de ferkiezingen west hawwe.

Op de webside fan de kieshelpen wurdt it hieltyd drokker. Neffens Patrick Arink, de betinker fan de MeestemMeter, is syn kieshelp al inkelde tsientûzenen kearen ynfolle. Sûnt ôfrûne wykein sjocht hy de drokte op syn webside tanimmen. Hy ferwachtet dat de topdrokte tiisdei en woansdei komt. Ek by MijnStem is it al aardich drok. Yntusken hawwe al goed 67.000 minsken dy kieshelp ynfolle. De Ljouwerter Krante lit witte dat harren Kieswijzer sûnt begjin maart sa'n 20.000 kear besocht is.

Ynhâldlike ferskillen

Wat binne no de ynhâldlike ferskillen tusken de trije kieshelpen? It wichtichste is dat twa fan de trije sjogge nei de tasizzingen fan de partijen. Allinnich mei de MeestemMeter kinst dus 'ôfrekkenje' mei wat de polityk de ôfrûne perioade dien hat.

It neidiel dêrfan is wol dat politike nijkommers, lykas DENK en Forum voor Democratie, net yn de MeestemMeter sitte. Sy wiene ommers noch net aktyf yn Provinsjale Steaten. Forum voor Democratie hat ek net meiwurke oan de oare kieshelpen, dus om derefter te kommen oft dy partij wat foar dy is, moatst it net hawwe fan in online kieshelp. DENK wurket allinnich mei oan de Kieswijzer.

Hoewol't de Kieswijzer fan de Ljouwerter Krante ta stân kommen is mei de help fan lêzers, hat er wol ien lyts neidiel: kinst gjin neutraal antwurd jaan. Moatst oer elk tema in miening hawwe om de Kieswijzer trochrinne te kinnen. En hoewol't de tiden oars fermoedzjen dogge, hawwe in protte minsken ek wolris gjin miening oer in ûnderwerp.

'Allinnich Fryslân doarde'

Neffens Patrick Arink fan de MeestemMeter is der hieltyd mear ferlet fan kieshelpen dy't sjogge nei wat partijen echt dogge en net allinnich nei wat se tasizze. Hy krijt hast allinnich mar positive reaksjes en de fraach oft de MeestemMeter net folle mear ynset wurde kin. Utsein Fryslân hawwe lykwols alle oare provinsjes harren weromlutsen. "Alleen Fryslân durfde het aan", seit Arink.

Ek de Volkskrant spilet yn op it ferlet en giet noch in stapke fierder: mei har Stemchecker kinst sels sjen op hokker partij oftst stimme moatst om de sitferdieling fan de Earste Keamer te beynfloedzjen.

(advertinsje)
(advertinsje)