UPDATE: Ofslútdyk rjochting Fryslân wer frij nei ûngelok

18 mrt 2019 - 15:41

De Ofslútdyk is oan 'e ein fan de middei wer iepengien, nei't earder op de dei in ûngelok west hat op de A7 dêr. Yn de rjochting Fryslân kaam by de brêge Koarnwertersân in auto yn botsing mei in frachtauto.

Foto: Raymon Roersma / ProNews

Nei it ûngelok ûntstie der in lange file en wie der opûnthâld. Ferkear fan Fryslân nei Noard-Hollân ta koe wol gewoan trochride oer de dyk. Der soe ien ferwûne fallen wêze by it ûngelok. Meardere helptsjinsten wiene oanwêzich.

(advertinsje)
(advertinsje)