Lytse 2.000 minsken op Saailân tsjin hegere pensjoenleeftiid

18 mrt 2019 - 14:54

Tusken de 1.500 en 2.000 minsken ha har op it Saailân yn Ljouwert útsprutsen foar in pensjoenleeftiid fan 66 jier. Rûnom yn Nederlân binne der fakbûnsaksjes tsjin in hegere pensjoenleeftiid. "It sjocht der hiel ymposant út", seit Anja Dijkman fan it fakbûn FNV.

Lytse 2000 minsken op Saailân tsjin hegere pensjoenleeftiid

"We ha goede sprekkers en in moaie sfear", seit Dijkman. "Dizze aksje is hiel belangryk." Nei it momint op it Saailân, set de groep útein mei in tocht troch de stêd. "Net te lang, mar it is in moai rûntsje."

We ha ôfgryslik swier wurk.

Johan van der Meulen út Noardburgum

Ien fan de sprekkers wie Johan van der Meulen út Noardburgum. Hy wurket al 45 jier yn de bou. "Op it poadium wie it even spannend", fertelt er. "Mar ik hie my hiel goed taret. Ik tocht: it moat gewoan. Sa kinne we net lang trochwurkje. We ha ôfgryslik swier wurk."

"As it oan ús regear leit, dan moat ik noch fiif of seis jier trochwurkje. Dan wurkje ik yn totaal mear as fyftich jier", seit Van der Meulen. "Ik ha troch de jierren hinne al in hiel protte kollega's sjoen dy't safier net komme. Eartiids moast 40 jier wurkje. Ik der no 45 jier op sitten. Dat is moai genôch."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie by de manifestaasje

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Jos Felen rjochtet syn pylken mei ien fan sy'n protestbuorden op minister Wouter Koolmees fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. "Koolmees klinkt als een lief en vredig vogeltje, maar het is een vervelende aasgier", seit Veling. "Vijf jaar geleden hoefde ik nog maar twaalf jaar te werken. Maar nu moet ik nog steeds twaalf jaar. Elke keer als de eindstreep in zicht is, wordt die weer verplaatst."

Net nei it Malieveld

De FNV soe ek aksjefiere op it Malieveld yn Den Haag. Dêr soe ek in bus nei út Ljouwert wei hinne. Dat giet fanwegen de sjitpartij yn Utrecht en it ferhege drigingsnivo net troch.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Sûnt 1 jannewaris 2019 is de AOW-leeftiid 66 jier en 4 moannen. Yn 2020 giet dat omheech nei 66 jier en 8 moannen en yn 2021 nei 67 jier. Yn 2022 wurdt it 67 jier en 3 moannen. Dat bliuwt yn 2023 en 2024 itselde. Dêrnei hinget it ôf fan de libbensferwachting.

De fakbûnen wolle dat it 66 jier foar elkenien bliuwt, mar dêr sjocht it kabinet neat yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)