Moskee It Hearrenfean ticht fanwege sjitpartij Utrecht

De plysje hat moskee El Fath op It Hearrenfean advisearre moandei ticht te bliuwen fanwege de oanslach yn Utrecht. Allinnich ûnder gebedstiden soene minsken talitten wurde moatte, seit in wurdfierder fan de moskee.
De El Fath-moskee op It Hearrenfean © RaadVanKerkenHeerenveen.nl
De plysje hat tasein de moskee ûnder gebedstiden ekstra yn 'e gaten te hâlden. De moskee op It Hearrenfean seit it advys fan de plysje op te folgjen. Of oare Fryske moskeeën it advys ek krigen hawwe, is net bekend.
Plysjes út Noard-Nederlân wurde op dit stuit ek ynset yn Utrecht by de gefolgen fan de oanslach.
De sjitpartij yn in tram yn Utrecht hat oan trije minsken it libben koste. Njoggen minsken binne ferwûne rekke, trije fan harren slim ferwûne.