Utstjoering It Polytburo giet moandei net troch
Yn ferbân mei de sjitpartij yn Utrecht is der moandeitejûn gjin ôflevering fan It Polytburo. Yn dat politike programma stie in ynterview programmearre mei kommissaris fan de Kening Arno Brok, oer de provinsjale ferkiezingen fan woansdei.
Alle kampanje-aktiviteiten, ek yn Fryslân, binne moandei ôfsein, en dêrmei ek de útstjoering fan It Polytburo.