Man út Oerterp oanhâlden nei 'wild west'-efterfolging

In 26-jierrige man út Oerterp is sneintenacht oanhâlden nei in 'wild west'-efterfolging. De plysje kaam de man om healwei alven jûns tsjin yn syn auto yn Snits. De man syn rydgedrach wie oanlieding om him oan de kant te setten. De Oerterper negearre lykwols alle stoptekens fan de plysje en naaide út. Dêrby helle er snelheden fan sa'n 180 kilometer yn 'e oere dêr't 50 kilometer tastien is. De plysje naam it beslút om fanwege de feilichheid de efterfolging stop te setten.
© Politie Noord-Nederland
Efkes letter trof de plysje de auto fan de Oerterper oan by in kafee yn Wâldsein. It duorre efkes foar't der trije minsken yn de auto stapten en fuortrieden. Efkes fierderop hie de plysje in blokkade op de dyk setten. De bestjoerder liet him net tsjinhâlde troch de blokkade. Der folge op 'e nij in 'wild west'-efterfolging, dy't úteinlik einige doe't de plysje de auto fan de fertochte reitsje koe, wêrnei't de bestjoerder de kontrôle ferlear.
Ut testen die bliken dat de 26-jierrige bestjoerder ûnder ynfloed wie fan drugs en alkohol.